Aldermoaiste Famkes

Op fekânsje oan’e Spaanske kust,

Se sjocht my oan en hiel bewust,

Wol ik wat sizze foar’t se fierder rint,

mar wurd ferbline troch har súdlik temperamint

 

Mar nei wat drankjes oan ‘e bar,

Krij ik in better byld fan har

Al is se dan noch sa spesjaal

Wy prate net deselde taal,

 

Refr

Foar de aldermoaiste famkes

Hoechsto net fier te sykjen

De aldermoaiste famkes

Dy binne hiel tichtby

Se binne kreas en wûnder leaflik

Altyd fleurich en spontaan,

De aldermoaiste famkes komme út Fryslân

 

Al lyket it soms leuk en aardich,

It is betiiden eigenaardich,

Yn it begjin is alles top en goed,

Mar nei in skoftsje miss’je toch dat fryske bloed

 

Keatse, ljeppe oer de feart

Skûtsjesile seit se neat,

Jonges brûk toch jim ferstân

En sykje in faam yn ús eigen Fryske lân

 

Refr

Foar de aldermoaiste famkes

Hoechsto net fier te sykjen

De aldermoaiste famkes

Dy binne hiel tichtby

Se binne kreas en wûnder leaflik

Altyd fleurich en spontaan,

De aldermoaiste famkes komme út Fryslân

 

 

Op in bankje my myn fryske faam

Ik ha is fleske wyn meinaam

Ik hâld in doaske yn myn hân

En krûp in stikje tichter tsjin har oan

 

Mei in brok yn myn kiel

Siz ik wat ik foar har fiel

En op myn knibbels yn it sân

Freegje ik myn fryske famke om har hân

 

Refr

Foar de aldermoaiste famkes

Hoechsto net fier te sykjen

De aldermoaiste famkes

Dy binne hiel tichtby

De aldermoaiste famkes

Hoechsto net fier te sykjen

De aldermoaiste famkes

Dy binne hiel tichtby

Se binne kreas en wûnder leaflik

Altyd fleurich en spontaan,

De aldermoaiste famkes komme út Fryslân

De aldermoaiste famkes komme út Fryslân

 

 

© DIE TWA 2011