Ferline Hjoed as Letter
Yn de wyn rûzet dyn namme
Ik wit do bist tichtby my
Do settest mei hjir op de wrâld
Bin altiid ferbûn mei dy
Ek al bist hjir no net mear
Moastest ús betiid ferlitte
Troch de eagen fan myn soan
Sil ik dy nea ferjitte
Ferline, hjoed as letter
Ivich mei elkoar ferbûn
Ferline, hjoed as letter
Makket de sirkel fan it libben wer rûn.
De sirkel fan it libben wer rûn
Sjoch ik ús jonkje boartsjen
Of leit ‘r leaf te sliepen
Dan tink ik wer oan dy heit
En dan springt myn hert wer iepen
tinzen oan myn bernejieren
dast do my grut brocht hast
Dy leafde fiel ik no wer werom
Sa krêftich, dat it my ferrast, ooo dat it my ferrast
Ferline, hjoed as letter
Ivich mei elkoar ferbûn
Ferline, hjoed as letter
Makket de sirkel fan it libben wer rûn.
De sirkel fan it libben wer rûn
Yn myn soan sjoch ik nij libben
Ik sil alles foar him dwaan
Him behoedzje foar it kweade
Blynwei om him jaan
En letter as ik der net mear bin
En hy tinkt werom oan my
Dan hoop ik dat hy tinkt yn leafde”
Sa as ik werom tink, heit, oan dy, ooo heit, oan dy
Ferline, hjoed as letter
Ivich mei elkoar ferbûn
Ferline, hjoed as letter
Makket de sirkel fan it libben wer rûn.
Ferline, hjoed as letter
Ivich mei elkoar ferbûn
Ferline, hjoed as letter
Makket de sirkel fan it libben wer rûn.
De sirkel fan it libben wer rûn
© DIE TWA 2011

