Ik Ha In Dream

Ik ha in dream

 

Ik sit hjir oan ‘e tafel

En tink oer ’t libben nei

Wurd it ea wol better

Komme wy der wol mei wei

Wy libje eigen-ikkig

En neat docht ús sear

De bylden op TV

Dy reitsje ús net mear

 

It wurd hieltiid mar slimmer

En it hâld nea wer op

It draait allinnich mar om jild

De wrâld stiet op ‘e kop

O, iderien dy keappet mar

Dingen om ‘e nocht

wy keapje sa ús libben frij

wa hie dat ea sa tocht ?

 

Refrein

Ik ha in dream

Hoe’t de wrâld wêze sil

T’is mei elkoar

De mins is net mear kâld en kil

We meitsje net mear ûnderskied

Eltsenien is gelyk

De ien net mear as minder

En dat makket ús sa ryk

Ik ha in dream

 

Ik sit hjir oan ‘e tafel

En tink oer ’t libben nei

It wurd sa folle better

We binne op ‘e goeie wei

We libje mei elkoar

En diele elkoars sear

We tinke om ús neisten

De eagen slúte we net mear

 

Refrein

 

 

It wurd gelokkich better

Leafde sil rûnom skine

’t draait net mear om jild

It kweade sil ferdwine

Minsken tinke om elkoar

Mei wille en mei nocht

Minsken jouwe elkoar de hân

Wa hie dat ea sa tocht?

 

 

 

Refrein