Kop Yn It Sân
IIskappen dy rane fuort,
drinkwetter ferdwynt
Simmers wurde droeger,
de oazonlaach ferkwynt
Refr
Mar ach wat kin’t my skele
Ik sjoch net fier foarút
Ik stek myn kop gau yn it sân
It sit myn tiid wol út
Seedyken dy’t it net mear hâlde
Tsunami dy’t it lân oerspielt
In beving skuort de ierde stikken
De hiele wrâld fernielt
Refr
Mar ach wat kin’t my skele
Ik sjoch net fier foarút
Ik stek myn kop gau yn it sân
It sit myn tiid wol út
Oarloch, terreur, it giet hieltiid mâlder
Sykten winne lân,
De ierde is aanst net mear leefber
Hoe lang hâld dit noch stân
Refr
Mar ach wat kin’t my skele
Ik sjoch net fier foarút
Ik stek myn kop gau yn it sân
It sit myn tiid wol út
Brêge
Is der nimmen dy’t it keare kin
Nimmen dy’t der wat oan docht?
De wrâld, dat is in kostber ding
Minsken jou de ierde troch
©DIE TWA 2011

