Moaiste Tiid Fan It Jier
Bûten skynt de sinne
‘k Bin klear om fuort te gean
Ik sil nei bûten rinne
Sjoch ik myn leafste stean
De sinne hat syn wurk al dien
Se sjocht der strieljend út
Hé wer giesto hinne, seit se
En jout my in tút
Ik soe nei myn freonen ta
harren helpe op it lân
Mar dat kin no wol wachtsje
Ik pak har by de hân
Do en ik tegearre
De dei dy is fan ús
We kinne oeral hinne
Of we bliuwe lekker thús ?
It is moai waar, de sinne skynt, de minsken binne blier
De temperatueren rinne op, de moaiste tiid fan…. it jier.
Refrein
Do en ik, tegearre, wy hâlde fan elkoar
Do en ik, tegearre, ik wol net wer in oar
Dûnsjend yn de sinne, sa waarm fan de leafde
Sil dy nea ferlitte,
do bist my, fan aldergrutste wearde
Wy gean nei de wetterkant,
ús boatsje leit al klear
De seilen wapperje yn de wyn,
wat wol in mins nog mear.
Wy sa mei syn twaen
op de fryske mar
De soele wyn strykt om ús hinne,
ik reitsje yn’e war
It is moai waar en it wurd al jûn, de minsken binne blier
De temperatueren rinne op, en yn myn holle wurd it skier…
Refrein
Do en ik tegearre, wy hâlde fan elkoar
Do en ik tegearre, ik wol net wer in oar
Dûnsjend yn de jûn, sa waarm fan de leafde
Sil dy nea ferlitte,
do bist my, fan aldergrutste wearde
De waarme wyn, yn de nacht, de moanne hat ús heart
Wat wy doe belibbe ha, dat ferjit ik net….
Refrein
Do en ik tegearre, wy hâlde fan elkoar
Do en ik tegearre, ik wol net wer in oar
Dûnsjend yn de jûn, sa waarm fan de leafde
Sil dy nea ferlitte,
do bist my, fan aldergrutste wearde
Sil dy nea ferlitte,
do bist my, fan aldergrutste wearde
© DIE TWA 2011

