Nim My Mei
Tinzen dy’t troch myn holle gûnsje
Fertize, ik bin ferslein.
as drochbylden yn in film rûndûnsje
Ferdôve, ik bin yn ein
Prate is net myn sterkste kant
Ik wol wol mar it giet net mear
It wurket as in slot op myn ferstân
Djip fan binnen docht it sear
Nim my mei, til my op út it ierdsk bestean
It is te swier, it docht sa sear, lit my gean
Bin op syk nei de stilte, myn folsleine rêst
It hâld my geande, it is myn iennichste hâldfêst
O nim my mei…
De stoarm yn my, it giet net oer
De wyn blaast my omfier
It driegjend swart, in dôvjend fjoer
It tsjuster falt my swier
Ik fiel my, as yn in djip swart gat
ik kom net mear omheech
De treden fan de trep bin fuort
K’jou it op, it is sa dreech
Nim my mei, til me op út it ierdsk bestean
It is te swier, it docht sa sear, lit my gean
Bin op syk nei de stilte, myn folsleine rêst
It hâld my geande, it is myn iennichste hâldfêst
O nim my mei….
Bridge… hoog
De stilte, myn folsleine rêst, it is sa tichtby
Ik fiel de waarmte, myn hâldfêst, it nimt besit fan my
Ik doch myn eagen iepen en sjoch dy neist my stean
Hoe koe ik dan betinke, sûnder dy fierder te gean
Nim my mei, til me op út it ierdsk bestean
It is te swier, it docht sa sear, lit my gean
Bin op syk nei de stilte, myn folsleine rêst
It hâld my geande, it is myn iennichste hâldfêst
O nim my mei…
© DIE TWA 2011

