Nimmen Oars As Dy

Gryp myn hân en nim my mei

Nei dy moaie wrâld fan dy

Dêr is waarmte, dêr is leafde

It ropt it bêste op yn my

 

At ik hiel tichtby dy bin

Dan fiel ik my sa goed

It bêste komt yn my nei boppe

Troch dyn wûnderlijke gloed

 

Ooooo Nimmen oars as dy, ooooo it bliuwt ús en wy

Ooooo Nimmen oars as dy, ooooo it bliuwt ús en wy

 

Ik wol altyd by dy wêze

Want by dy ha ik een thús

En at ik iens allinne bin

Dan langje ik werom nei ús

 

Sûnder dy kin ik net libje

Want do joust myn libben kleur

Ja, do bist myn motifaasje

Myn rêst en ek myn fleur

 

Ooooo Nimmen oars as dy, ooooo it bliuwt ús en wy

Ooooo Nimmen oars as dy, ooooo it bliuwt ús en wy

 

Asto net om my hinne bist

Dan fiel ik my sa leech

Do follest my mei dyn enerzjy

Sûnder dy is it sa dreech

 

Ooooo Nimmen oars as dy, ooooo it bliuwt ús en wy

Ooooo Nimmen oars as dy, ooooo it bliuwt ús en wy

 

 

                                                                                 © DIE TWA 2011