Stapel Op Dy
Ik iepenje de finsters, de earste fûgels jouwe lûd
In nije dei brekt oan, ik fiel de waarmte op myn hûd
Ik pak it fytske en gnietsje op fan de blommen yn it wiid
Myn lichem folt him mei gelok, ik ferjit foar efkes de tiid
Jierrenlang socht ik fergees, nei de sleutel fan myn hert
Mar al wat ik ek fiene mocht, de leafde fûn ik net
Mar hjoed, derfan bin ik wis, is myn sykjen echt foarby.
Want de paden fan myn syktocht, dy brochten my by dy
Want do bist alles wat ik socht, do hast my de leafde brocht
Dyn laits, dyn eagen himelsblau, foar my de aldermoaiste frou
‘k ha wol mear as túzen redenen, werom’t ik dy fertrouwe mei
En dat is no krekt de reden, werom’t ik stapel bin op dy
It libben wie in saai bestean, altyd itselde liet
Ik libbe by de dei en swalke iensum troch de tiid
Do kaamst as yn in dream foarby, as de sinne nei de rein
En myn dagen sûnder leafde, binne yn in sucht ferflein
Want do bist alles wat ik socht, do hast my de leafde brocht
Dyn laits, dyn eagen himelsblau, foar my de aldermoaiste frou
‘k ha wol mear as túzen redenen, werom’t ik dy fertrouwe mei
En dat is no krekt de reden, werom’t ik stapel bin op dy
Jierren wie myn hert ferfolle, mei in kâld en leech gefoel,
Want in libben sûnder leafde, is as in libben sûnder doel
Sweevjend op’e wolken, wol ik sjonge van gelok
Want mei dy no oan myn side, is myn libben in genot

© DIE TWA 2011