Tiden Binne Tiden
Tiden binne tiden
De klok die tikt mar troch
Tiden binne tiden
It giet sa hurd de tiid ferflocht
Tiid stiet net stil
tiid nimt syn wei
ljocht komt en giet
in nije dei
tiden binne tiden
en dat giet sa as dat giet
Tiden binne tiden
Faaks goed, mar ek sa min
Tiden binne tiden
T’giet mei ús op de rin
Hald it net fêst
Der giet it sân….
Lit it mar los
….ús troch de han
tiden binne tiden
en dat giet sa as dat giet
De klok tikt de minuten wei
Tiid foar alwer in nije dei
Nim de tiid, moarn en hjoed
… tiid is kostber, dus brûk it goed
Tiden binne tiden
Wat west hat, wat noch komt
Tiden binne tiden
Eartiids, takomst, tiid ferstomt
No is no
Hjoed is hjoed
Hjoed is no
en no is goed !
tiden binne tiden
en dat giet sa as dat giet
De klok tikt de minuten wei
Tiid foar alwer in nije dei
Nim de tiid, moarn en hjoed
… tiid is kostber, dus brûk it goed
De klok tikt de minuten wei
Tiid foar alwer in nije dei
Nim de tiid, moarn en hjoed
… tiid is kostber, dus brûk it goed
© DIE TWA 2011

